WACHTKEAMER, 4 JULY, 16:30
3 July 2009
By on 14:27

Ik haw de triennen yn ‘e eagen en stean in pear hundert meter fan us reiten-dakje-huske. It ienige dat ik hear is it risseljen fan it hege droege gers. Ik moat suver wenne oan in nij soart lud. Kilometers giel gers mei hjir en der in droege beam en in pear fiere sylhuetten dy’t, yn it selde tiidleaze tempo as de stofsugjende mama’s yn ien fan ‘e foarrige hostels, de heuvels fan ‘e Drakensbergen bydel rinne. Op ‘e achtergrun de ruge toppen fan ‘e Drakensbergen. Soks moais haw ik nei myn idee noch net earder sjoen. Yn’e bar fan it hostel draaid mantra-eftige muzyk. It soe my neat ferbaze as is dit de wachtkeamer fan ‘e himel. Mar goed, jo hawwe gelyk, it bier: 1 euro 60 foar 750 mililiter. Mirjam hinget langut yn ‘e hingmatte. Buten drinke in pear mosken ut in kule fan it terras. In jacuzzi rint fol mei waarm wetter. Dit is dus Sud Afrika.

Moarn nei it heechste lan fan ‘e ierde; Lesotho. Garanteed no other tourists, waard us ferteld. Prachtich. No ja, wat doch ik der dan? Der weze, tink ik. Oare moarn sille wy de bergen yn en de op ien nei heechste wetterfal fan us ierde fallen sjen. Dit is wat David Bristow der oer skreu: "I’ve walked The Berg from one end to the other. Top and Bottom. And I’ve climbed all the highest peaks in Africa. And still – everytime I see it – the view from the top of the Amphitheatre takes my breath away. No other area compares with the majesty of this natural wonder."

De reis hjir hinne wie goed. Gjin ferfelende Amerikanen. Wy sieten mei syn seizen yn ‘e bus. Underweis waard my twa kear de tillefoan oerhannige. It wie de transseksueel; ik hie de sleutel fan ‘e keamer noch yn ‘e buse. Even letter belle hy wer. Of sy. Ik moast noch 42,50 rand betelje foar it ynternet dat ik brukt hie. Khaw de sleutel en in bryfke fan fytich oan de busdriver jun mei de kind regards to Olly. Underweis in Kitkat Crunshy kocht en in flesse wetter. Oant letter minsken. Ik haw fakansje.

Leave a Reply

Your email address will not be published. Required fields are marked *

*

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <strike> <strong>