HEUPBROEK, 7 JULY, 10:54
6 July 2009
By on 08:51

De reis nei Lesotho (sprek ut as Lesoetoe) duorret sa’n twa oeren fanof it hostel der’t wy no sitte. De diken wurde hieltyd minder. De leste kilometers is der fan in dyk eins net iens mear te praten. Inkelde kearen knal ik mei de kop tsjin it dak fan it lytse buske. ’19 personen’ Stiet der. Ik sit klem achter yn de bus mei de knibbels yn de rech fan it bankje foar my. Sa no en dan druk ik it rutsje even iepen om wat farske lucht te happen.

Lesotho is it hichste lan op ierde en hat mar ien grinspost. Nei noch in pear kilometers stuiterjen, komme wy oan by in skoalle. Neffens twa befreone Denen, dy’t fiif jier lyn deselde skoalle besochten, is der neat feroare. In jier skoalle kostet de famylje trouwens fjouwer skiep. Lesotho is dermei ek ien fan ‘e earmste lannen op ierde. “Can I be you friend?” freget in jonge yn in typysk Lesotho gewaad. Wy sitte op dit stuit yn in lokale kroech de ‘Two Sisters’. In hutsje sunder ruten en in lytse doar. Ik laitsje en slaan him in earm om it skouder. Hy sjocht nei myn bierke. “Ah, there you go,” siz ik. En sa bin ik myn bier kwytrekke. Mar bin al in freon riker.

“Could I become a Sangoma?” freegje ik oan de Sangoma. In Sangoma is in lokale sjamaan. De Sangoma laket en strykt wat troch de hierren fan in ofsnijde kowesturt. As myn foaralden yn in dream ferskine, dan sil ik ferwachte wurde yn the village of Sangoma’s. Ik moat in wite hin meibringe. En as de wite hin, nei inkele offerrituelen, op myn holle sitten bliuwt, sil ik in Sangoma weze. Ien fan us befreonen Denen freget oft harren reis goed ferrinne sil. De Sangoma docht de eagen ticht. Nei in skoftke, wurd foar wurd: “It komt sa’t it komme moat…” Ja, Sangoma’s hawwe ek ferstoan fan ‘e takomst. Lesotho is bysunder.

“Schatje, gaat het nog?” In dronkerblond famke fan it type ‘eigenwize studint’ rint foar my. Tegearre mei sa’n acht oaren fermeitsje wy us yn ‘e Drakensbergen mei as hichtepunt de top fan de Sentinel –op sa’n 3,5km hichte- en de op ien nei hichste wetterfal fan ‘ e ierde. It famke hat in koart learen jaske oan en in heupbroek. In ferbleke kanten string dy’t om har noch blekere kont hinget, wurdt my suver yn ‘e noas drukt. “Ja schatje, maar als we dit van te voren hadden geweten…” Har freon fan it type ‘fakansje Salou’, hat in wyt linnen stranbroekje oan en docht neat oars as stinne en puffe. Syn ankels krije by elke stap wer in opdonder yn ‘e ynstap-slofkes. De tocht nei de top duorret sa’n trije oeren. It is foar it earst dat ik troch mei snie beklaaide bergen rin. De temperatuer leit hjir oerdeis run it friespunt. It utsjoch is yndrukwekkend. In tichte mist is yn inkelde tellen in feit, mar ferdwynt ek like fluch wer. De ‘schatjes’ hawwe it ek opreden. In soad Nederlanners hjir. Bah.

Mirjam sit neist my te flokken en te skellen. It ynternet hjir is traach, lykas yn hiel Sud Afrika. Ik meitsje my der net mear drok om. Oan foto-uploaden doch ik ek net mear. Hjoed hawwe wy in frije dei. Wy sille in rintocht dwaan. It is prachtich waar en ik wol graach ien fan dy donkere sylhuetten weze tusken it giel en it blau fan dit lanskip. Jun lambsteak mei baked potatoes en ijs nei. It junsiten is hjir geweldich. Dernei in bierke drinke mei de Ingelske dokter. Juster hawwe wy it oer de sunenssoarch, it underwiis yn Skandinavie, Britse humor, de EU, Le Pen, Brown en Berlusconi han. Sil him hjoed in yntroduksje op de Nederlanske polityk en Fryske literatuer jaan. Moarn underweis nei Jo’burg. Mei fyftjen moarden op in dei, ien fan ‘e gefaarlikste plakken op ierde. Lestlyn binne der noch twa Nederlanse toeristen delsjitten. Oant sjen.

2 Responses to HEUPBROEK, 7 JULY, 10:54

  1. Ik miende dat der allinnich op neushoarns jage waard. Groetnis oan eltsenien.

  2. Hienen jim dy ‘schatjes’ net p’rongeluk stroffelje litte kinnen, sadat se as in grutte sniebal nei underen rolje soenen?

Leave a Reply

Your email address will not be published. Required fields are marked *

*

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <strike> <strong>