DIGITAL HERITAGE, 10 OKTOBER, 19:23

In het kader van het initiatief van de Koninklijke Bibliotheek om eenselectie van Nederlandse websites te bewaren voor toekomstig onderzoek,willen wij ook uw website archiveren en voor de lange termijn bewaren.Het gaat om de volgende URL(s): http://www.sitowijngaarden.web-log.nl/.

DSC04075

Websites bevatten vaak waardevolle informatie die niet tevens analoogverschijnt en die ten gevolge van de grote ‘omloopsnelheid’ het risicoloopt voorgoed verloren te gaan. Dat websites als ‘digitaal erfgoed’het behouden waard zijn, is internationaal erkend in het Unesco Charteron the Preservation of the Digital Heritage uit 2003. Het signaleertdat digitaal erfgoed verloren dreigt te gaan en dat het bewaren daarvanvoor gebruik door de huidige en toekomstige generatie onderzoekers zeerurgent is.

10 October 2009
By on 17:23
SPRUITJES, 23 AUGUSTUS, 11:46

Ynmiddels alwer in moanne oan it wurk. De reis werom nei Nederlân duorre 28 oeren. Fleantugen, treinen, bussen. Doe’t it ADHD-buorjonkje krekt rôp dat er al 28 euro hie, rekkene ik dat om yn Súd-Afrikaanse Rands. Sa no en dan doch ik dat noch wol ris. Meast automatysk. Ik hie jim noch wat foto’s beloofd. Dêrom hjir, spesjaal foar jim. Sa.

Fan Kaapstêd yn it Súd-Westen oant it Krugerpark yn it Noard-Easten fan Súd-Afrika. Ik sil even nei bûten. De Kroatyske buorlju binne yn ‘e tún oan ‘e gong. Dy hat in moanne gjin oandacht hân om ‘t se in besite brochten oan famylje dêr. Us nije buorfrou rint foarby: "Hallo? Goeie vakantie gehad?" Ja, seit buorman Rade. Folgjende fraach. "Zijn dat spruitjes? Waarom halen jullie die bladeren eraf?" Buorman Rade seit wer ‘ja’.

23 August 2009
By on 09:47
OPLOSKOFJE, 8 JULY, 9:56

Wie der betiid of fannemoarn. Lykas alle oare dagen trouwens. De sinne komt in oere as 5.45 omheech. Om likernoch san oere giet de muzyk oan. Lounge-muzyk, goed wekker wurden. Wy hawwe in wettesieder op ‘e keamer, dat ik haw even mei in bakje oploskofje op ‘e grutte stien foar us huske sitten. Doe kamen Claire, Jose en mear soksoarte nammen foar by. Oft Claire noch in oare rym hie om’t dy fan Jose net by har skuon ‘matchten’. Ja Jose, moatst der al wat kreas byrinne famke. Wy moatte daalk mar gau uttsjekke. Khaw wier myn nocht fan de Nederlanners hjir. Sels de wc hjir liket op dy fan in Nederlanske skihut. Oeral miich. Lit mar rinne, bist net thus no? Achter my is in mama oan it stofsugjen. Giet goed ruch.

Ien fan ‘e guide’s presintearre my justerjun in panne mei wat like op hinnepoatsjes. Ik frege wat it wie. “It’s mice,” sei Floris. Floris is de jonge mei it wite broekje en de ynstapskuontsjes. Mais? Frege ik. “Oh ja je bent Nederlander. Het is muis.” It smakke my best. Op ‘e weromreis foar de grinspost fan Sud Afrika en Lesotho stie der in jonkje oan ‘e kant fan ‘e dyk. Hy hold in boskje muzen omheech foar it rut fan it buske. Der waarden omraak foto’s makke.

Khaw de tas al pakt. Daalk in ritsje fan fiif a seis oeren yn ‘e bus nei Johannesburg mei Ghandi’s-Backpackers as einbestimming. It is nachts goed kald mei temperatueren under nul, dat wy hawwe in keamer mei in kacheltsje besteld. Wy sliepe ien nacht yn Johannesburg en stappe moarntemoarn betiid op ‘e bus nei Nelspruit om fan der ut in nacht yn it Kruger Park tusken it wyld te sliepen. Nei Kruger werom nei Johannesburg en Sowetho. Sa stadich oan komt der in ein oan us reis. Sit no op 600 foto’s en ik haw it survivalmes noch net ut ‘e tas han. In moai bluesnumer fan ut ‘e bar. Op it reiten dak fan it hostel sit in do te roppen.

7 July 2009
By on 07:54
HEUPBROEK, 7 JULY, 10:54

De reis nei Lesotho (sprek ut as Lesoetoe) duorret sa’n twa oeren fanof it hostel der’t wy no sitte. De diken wurde hieltyd minder. De leste kilometers is der fan in dyk eins net iens mear te praten. Inkelde kearen knal ik mei de kop tsjin it dak fan it lytse buske. ’19 personen’ Stiet der. Ik sit klem achter yn de bus mei de knibbels yn de rech fan it bankje foar my. Sa no en dan druk ik it rutsje even iepen om wat farske lucht te happen.

Lesotho is it hichste lan op ierde en hat mar ien grinspost. Nei noch in pear kilometers stuiterjen, komme wy oan by in skoalle. Neffens twa befreone Denen, dy’t fiif jier lyn deselde skoalle besochten, is der neat feroare. In jier skoalle kostet de famylje trouwens fjouwer skiep. Lesotho is dermei ek ien fan ‘e earmste lannen op ierde. “Can I be you friend?” freget in jonge yn in typysk Lesotho gewaad. Wy sitte op dit stuit yn in lokale kroech de ‘Two Sisters’. In hutsje sunder ruten en in lytse doar. Ik laitsje en slaan him in earm om it skouder. Hy sjocht nei myn bierke. “Ah, there you go,” siz ik. En sa bin ik myn bier kwytrekke. Mar bin al in freon riker.

“Could I become a Sangoma?” freegje ik oan de Sangoma. In Sangoma is in lokale sjamaan. De Sangoma laket en strykt wat troch de hierren fan in ofsnijde kowesturt. As myn foaralden yn in dream ferskine, dan sil ik ferwachte wurde yn the village of Sangoma’s. Ik moat in wite hin meibringe. En as de wite hin, nei inkele offerrituelen, op myn holle sitten bliuwt, sil ik in Sangoma weze. Ien fan us befreonen Denen freget oft harren reis goed ferrinne sil. De Sangoma docht de eagen ticht. Nei in skoftke, wurd foar wurd: “It komt sa’t it komme moat…” Ja, Sangoma’s hawwe ek ferstoan fan ‘e takomst. Lesotho is bysunder.

“Schatje, gaat het nog?” In dronkerblond famke fan it type ‘eigenwize studint’ rint foar my. Tegearre mei sa’n acht oaren fermeitsje wy us yn ‘e Drakensbergen mei as hichtepunt de top fan de Sentinel –op sa’n 3,5km hichte- en de op ien nei hichste wetterfal fan ‘ e ierde. It famke hat in koart learen jaske oan en in heupbroek. In ferbleke kanten string dy’t om har noch blekere kont hinget, wurdt my suver yn ‘e noas drukt. “Ja schatje, maar als we dit van te voren hadden geweten…” Har freon fan it type ‘fakansje Salou’, hat in wyt linnen stranbroekje oan en docht neat oars as stinne en puffe. Syn ankels krije by elke stap wer in opdonder yn ‘e ynstap-slofkes. De tocht nei de top duorret sa’n trije oeren. It is foar it earst dat ik troch mei snie beklaaide bergen rin. De temperatuer leit hjir oerdeis run it friespunt. It utsjoch is yndrukwekkend. In tichte mist is yn inkelde tellen in feit, mar ferdwynt ek like fluch wer. De ‘schatjes’ hawwe it ek opreden. In soad Nederlanners hjir. Bah.

Mirjam sit neist my te flokken en te skellen. It ynternet hjir is traach, lykas yn hiel Sud Afrika. Ik meitsje my der net mear drok om. Oan foto-uploaden doch ik ek net mear. Hjoed hawwe wy in frije dei. Wy sille in rintocht dwaan. It is prachtich waar en ik wol graach ien fan dy donkere sylhuetten weze tusken it giel en it blau fan dit lanskip. Jun lambsteak mei baked potatoes en ijs nei. It junsiten is hjir geweldich. Dernei in bierke drinke mei de Ingelske dokter. Juster hawwe wy it oer de sunenssoarch, it underwiis yn Skandinavie, Britse humor, de EU, Le Pen, Brown en Berlusconi han. Sil him hjoed in yntroduksje op de Nederlanske polityk en Fryske literatuer jaan. Moarn underweis nei Jo’burg. Mei fyftjen moarden op in dei, ien fan ‘e gefaarlikste plakken op ierde. Lestlyn binne der noch twa Nederlanse toeristen delsjitten. Oant sjen.

6 July 2009
By on 08:51
WACHTKEAMER, 4 JULY, 16:30

Ik haw de triennen yn ‘e eagen en stean in pear hundert meter fan us reiten-dakje-huske. It ienige dat ik hear is it risseljen fan it hege droege gers. Ik moat suver wenne oan in nij soart lud. Kilometers giel gers mei hjir en der in droege beam en in pear fiere sylhuetten dy’t, yn it selde tiidleaze tempo as de stofsugjende mama’s yn ien fan ‘e foarrige hostels, de heuvels fan ‘e Drakensbergen bydel rinne. Op ‘e achtergrun de ruge toppen fan ‘e Drakensbergen. Soks moais haw ik nei myn idee noch net earder sjoen. Yn’e bar fan it hostel draaid mantra-eftige muzyk. It soe my neat ferbaze as is dit de wachtkeamer fan ‘e himel. Mar goed, jo hawwe gelyk, it bier: 1 euro 60 foar 750 mililiter. Mirjam hinget langut yn ‘e hingmatte. Buten drinke in pear mosken ut in kule fan it terras. In jacuzzi rint fol mei waarm wetter. Dit is dus Sud Afrika.

Moarn nei it heechste lan fan ‘e ierde; Lesotho. Garanteed no other tourists, waard us ferteld. Prachtich. No ja, wat doch ik der dan? Der weze, tink ik. Oare moarn sille wy de bergen yn en de op ien nei heechste wetterfal fan us ierde fallen sjen. Dit is wat David Bristow der oer skreu: "I’ve walked The Berg from one end to the other. Top and Bottom. And I’ve climbed all the highest peaks in Africa. And still – everytime I see it – the view from the top of the Amphitheatre takes my breath away. No other area compares with the majesty of this natural wonder."

De reis hjir hinne wie goed. Gjin ferfelende Amerikanen. Wy sieten mei syn seizen yn ‘e bus. Underweis waard my twa kear de tillefoan oerhannige. It wie de transseksueel; ik hie de sleutel fan ‘e keamer noch yn ‘e buse. Even letter belle hy wer. Of sy. Ik moast noch 42,50 rand betelje foar it ynternet dat ik brukt hie. Khaw de sleutel en in bryfke fan fytich oan de busdriver jun mei de kind regards to Olly. Underweis in Kitkat Crunshy kocht en in flesse wetter. Oant letter minsken. Ik haw fakansje.

3 July 2009
By on 14:27
JUSTICE, 1 JULY, 11:56

Fannacht in oer as 01.30 oankommen yn Durban midden yn ‘e provinsje Kwazulu Natal. De tredde grutte sted fan Sud Afrika. Meist hjir neffens de berjochten net mei dyn djoere kamera of oar roversguod oer strjitte rinne. By nacht alhiel ferbean om dy op strjitte te fertoanen buten de muorren fan it hostel. Seker net sunder guard. Op ‘e wc wurdt melding dien dat it management fan it hostel net oanspraaklik is foar deadlike slachtoffers en/as mishannelings. Ik haw hoe dan ek lekker op it huske sitten. Ik hie de doar op it slot, dat ik wie feilich.

"No! I just want justice!" rop de man oer de tillefoan. "Otherwise this will be very bad publicity for you…" Neist my siet in Amerikaansk stel. Hy is sa’n tsien jier jonger as syn freondinne. In frou mei rasta-hier dy’t it net litte koe om oer har Sud Afrikaanske roots te praten. Alles wie neffens har ‘so interesting’. Har man hie in petsje op en in bril ut ‘e jierren ’80 en wie tusken it beljen troch drok dwaande mei in excel-bestan op syn laptop. Sa no en dan stelde ien fan beiden op typysk Amerikaanske wize in onoazele fraach oan Petrus de busdriver, as mienden se dat se yn it museum fan it meast achterstelde lan fan ‘e wrald wienen. De reis duorre al mei al tsien oeren.

Moarns binne suver alle hostels itselde. Minsken mei wiet hier. It lud fan in keukenradiootsje. Hjir en der ien dy’t smoart yn in sigret. En it klappende lud fan slippers. By de baly stiet in transseksueel fan in jier as 20 dy’t Olly hjit. Ik bin der noch net rjocht ut oft it no fan oarsprong in jonge of in famke is. Moarntemoarn betiid it binnenlan yn, nei Northern Drakensberg. Der kinst moaie rintochten dwaan. Ik haw heard dat der snie op ‘e berchtoppen leit. As it heal kin meitsje wy noch in utstapke nei Lesotho. Wy sitte no op ‘e helt fan ‘e fakansje, mar it is krekt as bin ik hjir al moannen. Oh, der is de transseksueel wer. "Are you leaving today to Sunny Lodge?" Nee moarntemoarn, siz ik "Oh wrong guy," seit se. Of hy.

1 July 2009
By on 09:57
FOARDERE, 28 JUNY, 17:24

"We depend on God" sei it alde wyfke foar yn ‘e BazBus foar’t wy rjochting Cintsa riden. De bestjoerder, in look-a-like fan Tijani Babangida – in eks-Ajax fuotballer – frege har hoe’t har god hjitte. Christ, hie se sein. "And yours?" Hy hie it oer ien as oare Zulu-god. Der wie respekt fan beide kanten. De reis wie segene. Ik fielde my feilich. In reis fan sa’n fjouwer oeren yn in soarte fan Frysker, mar dan krekt even oars. It alde wyfke sliepte al gau. Hjir en der bekende gesichten fan minsken dy’t wy earder dizze reis troffen hawwe. Elk makke it goed. Underweis, townships, apen, sjiraffen en rein.

Wy hawwe in prachtich plak. In eigen huske oan in baai en noch krekt yn ‘e bosk. Ynklusyf apen en unbekende fugels. It hostel is folboekt en jun ite wy mei syn allen spaghetty. Bin net sa’n pasta-man, mar och, it skeelt my itensieden. Foar moarn stiet der ‘horseriding’ op it programma. Nei myn idee komt soks net sa krekt om’t dy bisten dochs alle dagen itselde runtsje rinne, mar doe’t my in tillefoan yn ‘e han drukt waard, die bliken dat ik it mis hie. Moast dysels ynskale op: begjinner, foardere of ekspert.

"Have you ever rode a horse before?" frege it frommes oan ‘e tillefoan in bytsje ergere om’t ik har de earste twa kear troch de minne ferbining net ferstie. Ik fertelde har dat wy yn Nederlan ek wol hynders hienen en dat ik se wol ris sjoen hie. Dat us omke ek hynders hat, haw ik har net ferteld. "But no, I never rode a horse," einige ik. Doe begun se mei allegear drege termen as ‘galop’ en hoe’t ik dat tou beethalde moast. Ik sei, doch my mar foardere dan. Dan lear ik it fluchst. Doe foel de line fuort. Bin benijd hoe’t ik moarn komt.

Ja, ik haw wol nocht oan wat. Haw fannemoarn ut goeder bestens myn moarnsbrochje by it bezinestasjon utsutele oan minsken dy’t it better bruke kinne as ik sels. Soks betellet him grif wol wer ris werom. Nei Cintsa, twa dagen Durban, de grutte sted yn. Dernei fjouwer dagen hike yn Northern Drakensberg. Sil Mirjam jun noch even freegje hoe’t jo mei in hynder omgean. Sy hat yn har bernejierren les yn hynderriden han, dat sy wit der grif mear fan as ik. Och heden, asosjale earferdovjend sjipsfrettende en ludpratende Amerikanen. Foar no dus oant sjen. En nee, even gjin nije foto’s. Wa wit oare kear wer. Leaf weze, en groetnissen ut Cintsa.

28 June 2009
By on 15:26
SLAP BAKJE, 27 JUNY, 11:30

Krekt in slap bakje kofje en in chocolate cake han op it stran fan Mossel Baai. In strak blauwe himel en in geweldige see. It ferskil tusken blank en donker falt hjir hieltyd mear op. Us leste oerkes hjir. Om 14.00 oere de bus yn nei Port Elizabeth. Sa’n 350 kilometer fierder nei it easten. Yn ‘e rein en kalde wyn fan de ofrune dagen hawwe wy besletten sa gau mooglik de waarmte op te sykjen. No earst tiid foar in koart foto-ferslach fan de ofrune dagen.

Jukani Wildlife Park, Mosselbaai
In baby-tiger oan ‘e molke. Yn it Jukani Wildlife Park yn Mosselbaai.

Hostel, Mosselbaai
Us hostel yn Mosselbaai; Mosselbay Backpackers.

Wylde see, Hermanus
Needwaar yn Hermanus, grutte golven dreune op ‘e kliffen.

Township, Capetown
De wask hinget te droegjen yn ‘e grutste township fan Kaapsted. Ien miljoen ynwenners.

Townshipwinkel, Capetown
Ien fan ‘e troch Coca Cola sponsore township-winkeltsjes.

Strusfugels op Kaap die Goeie Hoop
Strusfugels op Kaap die Goeie Hoop.

Haven fan Houtbaai
De haven fan Houtbaai.

Sel fan N. Mandela
It slot fan ‘e sel fan Nelson Mandela dy’t 18 jier opsluten sitten hat op Robben Island.

Sa earst mar wer. Juster in flecht boekt fan Johannesburg nei Kaapsted. Dat besparret trije dagen busreis. Mirjam ergeret har oan de trage ferbining hjir. Achter my sitte trije aldere jonges online te gamen. Sa’n 200 musklikken per minut neffens my. Mosselbaai is in wetterdoarp dat by min waar stilleit. Bin benijd hoe’t it yn Port Elizabeth is. Groetnissen fan ut Sud Afrika.

27 June 2009
By on 09:31
SOMETIMES, 24 JUNY, 11:18

Ik liz langut op in matras op in houten bank te lezen. Oan it fuottenein leit Jock. In lytse brune hun fan it soarte bull-terrier. By de baly fan it hostel steane twa pearkes dy’t uttsjekke. It is in oer as tsien moarns. Mirjam is op ‘e keamer. Wy binne no de ienige gasten. In lyts negerfroutsje yn in kleurige jurk en kleden stroait in soarte fan rukersguod op it flierkleid neist de bank wat se even letter yn in tiidleas tempo mei de stofsuger wer opsuget. Fanut ‘e oanboude bar klinkt in top 40-numer.

Op ‘e tillevyzje in sjo oer Hollywoodstjerren en harren relaasjes. "He! Transformers!" ropt in famke fan ungefear myn leeftyd optein. Jock de hun springt fan ‘e bank. Sy is ien fan syn baaskes en nei myn idee ek de freondinne fan ‘e eigner fan dit hostel. It famke bliuwt stean en ik haw it gefoel dat ik reageare moat op har enthusjasme. "Have you seen it?" freegje ik har. Diel ien hat se sjoen. "Part two will be released on wednesday here in South Africa." Ik fyn it in kutfilm, dat ik hald my fierder stil. Ik kin my net mear konsintreare op myn boek.

It is kleare hjerst hjir yn Hermanus. Stoarm en swiere reinbuien mei sa no en dan in wjerljocht dy’t daalk folge wurdt troch in genadeleaze tongerslach. Ik haw hearlik sliept fannacht. Hermanus is in lyts stedsje mei krekt genoch fan alles wat in toerist nedich hat. Hermanus is ien fan ‘e beste plakken fan ‘e wrald om walfisken te spotten, mar troch de springfloed en it minne waar binne alle aktiviteiten fan ‘e kommende dagen utsteld. Wy fermeitsje us hjir mei us boeken en in besite oan ien fan ‘e kroechjes.

Juster, oan it ein fan ‘e midje, hawwe wy in pear bierkes kocht yn Zebra’s. In lyts brun kroechje, mei lykkleurige plavuizen en ynboedel. Se draaie der aardige muzyk en de klanten binne meast ynwenners fan Hermanus sels. Se prate hjir mear Sud Afrikaans as yn Kaapsted. Op it krytboerd boppe de bar in list mei cocktails. Hoewol’t it waar der net nei is, besteld Mirjam in ‘Sex on the beach’. Fiif minuten letter, as hie de barjuf drok oan it oefenjen west, waard der melding dien dat de yngredienten fan ‘e cocktail net op foarrie binne. Fan cocktail nei waarme sukelade molke.

Daalk, as it even droech is, in kuier lans it stran en de kilometers lange kliffen hjir. Faaks spotte wy noch in walfisk. Fannemidje mar wer even nei Zebra’s. It is ommers us leste dei hjir. Moarn rjochting Mosselbaai. Der wurdt sein dat it waar opklearje sil. Hoe dan ek, ik fermeitsje my hjir prima. Dat it fakansje is, waard my fannemoarn troch in tekst op in skutting nochris dudlik makke: ‘Sometimes I just sits and thinks. Sometimes I just sits…’ Oh ja, bin no tagelyk dwaande om wat foto’s fan Mirjam har tastel te uploaden. Dy komme hjir telane.

24 June 2009
By on 09:39
SJONGMASYNTSJES, 22 JUNY, 14:27

Ik stie justermidje wat mei de oven te kloaien yn ‘e keuken fan it hostel doe’t buorman foarby run. Ik hie wol in aardich sin dat ik rop him in goeiemiddag ta. Syn freondinne dy’t achter him run lake my oan. Yn ‘e hal hearde ik him sizzen: "Ha, die spreekt een klein beetje Nederlands. Lache man." Justerjun fuotbal sjoen, de Confederation Cup mei in Israelier, Ingelsen, Sweed, Equadoriaan en noch folle mear nasjonaliteiten. Ik wie foar Itaalje. Khie achterof better foar Brazilie kiezen kinnen.

Fannemoarn binne wy nei in pear township west. Mear as de helte fan ‘e befolking fan Capetown wennet yn townships. Kinst it ek krottewiken neame. Foarof in museum besocht oer it hoe en werom fan dy communities. Kilometers en kilometers lans de sneldyk oan houten en plestik hutsjes. Unwerklik om der nei dy kilometers trochhinne te rinnen. Freonlike minsken en bern. In lokaal broud bierke krigen, in berneopfang besocht der’t de bern as dresearde sjongmasyntsjes in hoofd-schouder-knie-en-teen numer foar us songen. En ik mar high-five’s utdiele en foto’s meitsje. Ferskriklik.

By it ferlitten fan it township hinget der in jonge yn ien fan ‘e stroompeallen. Stroomoftaapje is ien fan ‘e deistige besichheden. Hoewol’t fiif meter fierder in plysjeauto mei baarnende swaailjochten stiet, wurdt der restich fierder knutsele. De communitie is sterk. Wannear’t de plysje yngrypt sette se de sneldyk of. In pear tellen letter hienen wy it alwer oer de Confederation Cup en hoe’t it de USA dan dochs mar slagge wie om de semi-finals te heljen. Tidens it petear oan beide kanten wer kilometers oan hutsjes.

Moarn gean wy dy kant op. Nei san nachten Kaapsted is it tiid foar de reis nei Johannesburg. Earst nei Hermanus. Sa’n 150 km nei it easten. It plak om mei wite haaien te duken. Benammen yn dizze tiid stjert it der fan ‘e great white. Dernei in pear dagen hike yn ‘e bergen lans de kust. Ik hald jim wol even op ‘e hichte. Juster trouwens al sa’n 30% fan myn foto’s uploade kinnen. Stean wol ergens op myn Flickr-account. Sadra’t ik wer ergens ynternet fyn, lit ik it jim witte. No tiid foar kofje en in applecrumble. Jun griente, rjappels en in lekkere gehakbal. Jaja, krekt as thus. Oh shit ja, ik moat noch al even ofskie fan buorman nimme.

22 June 2009
By on 12:27